Blog

Keatsmuorre wurdt goed brûkt

0 Comments 📁 Keatspartijen 🕔23.juli 2015
Keatsmuorre wurdt goed brûkt

De keatsmuorre en it sportfjild wurde goed brûkt dizze simmer!

De keatsmuorre yn Wytgaard is no in pear wike klear, de kleuren sitte op it beton en de linen steane der dúdlik op. It resultaat is prachtich!
Op tongersdeis binne de (âldere) manlju út Wytgaard altyd drok dwaande, se begjinne eltse wike om 19.30 oere. Wa’t ris in kear sjen of meidwaan wol is wolkom. De jongere manlju binne ek faak ien as twa jûnen yn’e wike oan de gong. En ôfrûne moandei ha de froulju út Wurdum en Wytgaard it ek foar it earst besocht, ek sy wiene entûsjast.
Woansdei 8 july wieden Hylke, Remco, Sipke, Harm en Benny oan de gong doe’t âld haadklasse keatser Cornelis Terpstra mei in freon it fjild op kaam, ek sy woeden wolris in potsje muorrekeatse op de nije muorre fan Wytgaard. Foar de spilers út Wytgaard ynteressant om fan harren te learen.
Eltse tongersdeis om 19:00 oere traint dizze simmer it keatsteam Puur Passie (www.stichtingpuurpassie.nl) mei ûnder oaren Gert Anne van der Bos, Teake Triemstra en Daniel Iseger yn Wytgaard op it fjild. Dit omdat se normaal yn Reduzum traine mar dat fjild is oer de kop dizze simmer. Ek dit is foar de minsken út Wurdum en Wytgaard fansels ek wol ris leuk om te sjen!

 

Deel dit artikel

No Comments

Noch gjin reaksjes..

Skriuw in reaksje hjirunder.

Write a Comment

It email adres wurd net publiseerd *