Blog

One Wall Handball clinic 21-04-2015

0 Comments 📁 Keatspartijen 🕔22.april 2015
One Wall Handball clinic 21-04-2015

Juster 21 april 2015 ha we de earste muorrekeats clinic hân oftewol it ynternasjonale One Wall Handball.

Trainer Henk Haar hat de ôfrûne wiken al clinics joen op de basisskoallen yn Wurdum en Wytgaard en juster wie it de beurt oan aldere jeugd en folwoeksenen. It wie noch net foar eltsenien dúdlik dat der ek fuortdaliks al mei dien mocht wurde mar ek yn in spikerbroek en sneinseskuon koe der al even wat oefene wurde! Foar en nei de training lei Henk Haar noch wat út oer de spelregels. Henk fertelde dat it muorrekeatsen in ynternasjonale sport is dy’t misskyn Olympysk wurdt. Fanút de keatsklup ha we al kontakten mei bûnscoach Geert Vandenvelden dus wa wit stiet der oer in pear jier in talint út Wytgaard op de Olympyske Spelen!!!
Dus kom ek takom wike tiisdei 28 april ek om 19:30 oere foar de twadde clinic, eltsenien kin mei dwaan!

De muorre en it fjild krije letter dit jier noch in moaie kleur en belijning!

Incorrect URL attribute defined
Deel dit artikel

No Comments

Noch gjin reaksjes..

Skriuw in reaksje hjirunder.

Write a Comment

<